Horizontoerboaten fêst op Waad

09 aug 2013 - 18:55

Seis boaten mei fakânsjegongers en artysten fan de Horizontoer hawwe freed fêstlein op it Waad. By de oertocht fan Skiermûntseach nei It Amelân krigen de boaten te meitsjen mei ekstreem leech wetter. Al mei al duorre it twa oeren foardat de tocht ferfette wurde koe. De aktiviteiten op It Amelân binne dêrom letter útein set.

Ek de besikers dy't de jûns wer fan it eilân ôf woene hiene te krijen mei flinke fertragings fanwege it lege wetter. Boaten koene pas in oere letter as pland de haven ferlitte.

De Horizontoer is in evenemint fan in wike mei muzyk, teater, toaniel, sirkus en animaasje. It evenemint is 2 augustus yn Harns begong en duorret oant en mei sneon op It Amelân.

Trefwurden: 
Waadsee Waad Horizontoer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)