Striidber wint op De Lemmer

09 aug 2013 - 16:03

Siebo Zijsling hat freed de ien-nei-lêste IFKS skûtsjesylwedstriid op De Lemmer wûn. Op de Lemster Baai stuts de skipper fan Drylts mei kop en skouders boppe de rest út. Tony Brundel die poerbêste saken yn it klassemint en kaam mei de Lytse Lies as twadde oer de finish. Yn in spannende striid om it tredde plak wist Jelle Talsma koprinner Sikke Heerschop krekt efter him te hâlden.

It bliuwt spannend yn it klassemint. Sikke Heerschop giet oan de lieding mei 13,9 punten, folge troch Jelle Talsma mei 18 punten en Tony Brundel mei 18,8 punten.

De skûtsjes kamen yn de folgjende folchoarder oer de finish:
1. Striidber, 2. Lytse Lies, 3. De Jonge Jan, 4. Wylde Wytse, 5. Raerder Roek, 6. Twee Gebroeders, 7. Goede Verwachting, 8. Grytsje Obes, 9. It Doarp Eastermar, 10. Eelkje II, 11. Ut en Thús,
12. Drie Gebroeders, 13. Frisia 14. Singelier 15. Jonge Rein, 16. Zeldenrust.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)