Ferbou flaaks foar einekuorren

09 aug 2013 - 14:36

In tsiental minsken is freed úteinset mei de flaaksrispinge by Ferwert. It giet om leden fan de Fryske Feriening fan Einekoerflechters De Strampel. Yn de bouhoeke wurdt flaaks yn kombinaasje mei reid brûkt om einekuorren te meitsjen. Mar it gewaaks dat eartiids oeral te sjen wie, is der hast net mear. Sadwaande hawwe de einekoerflechters op twa plakken lân hierd om wer flaaks te ferbouwen.

It gewaaks stiet der dit jier hiel goed by. It is de tredde kear dat der foar dit doel flaaks ferboud wurdt yn de bouhoeke.

Trefwurden: 
flaaks einekoer strampel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)