Drugshanneler betrape yn Snits

© ANP XTRA
In 24-jierrige Ljouwerter is yn Snits betrape op it yn besit hawwen fan drugs. In plysje yn boarger seach de man op de Prins Hendrikkade. By kontrôle die bliken dat er in tal boltsjes kokaïne by him hie. Ek wie er yn it besit fan in tal pillen en wikkels mei oare drugs. Hy is fêstset foar fierder ûndersyk. It jild dat er by him hie, is yn beslach naam. Dat jildt ek foar de drugs.