'Dea famke Grou is ûngelok'

09 aug 2013 - 11:07

De plysje giet derfan út dat de 17-jierrige Florine Timmer troch in ûngelok om it libben kaam is. Mar hoe't se krekt yn it wetter telâne kaam is, is noch net dúdlik. Nei alle gedachten is se it paad kwyt rekke op syk nei har boat. Mooglik dat se har fersint hat en sa yn it wetter fallen is. De plysje besiket noch fierder út te sykjen hoe't it ûngelok gebeurd is. Der binne gjin oanwizings fan in misdriuw. Tongersdeitejûn waard it lichem fan Florine fûn yn de Hellinghaven yn Grou. Se wie earder ferdwûn nei't se op stap west hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)