Soad favoriten FK fierljeppen

Sneon binne yn Winsum foar de 57e kear de Fryske kampioenskippen fierljeppen. Yn fjouwer kategoryen wurdt ljept om de Fryske titel. Grutte favoryt by de senioaren is fiiffâldich Frysk kampioen Bart Helmholt fan Burgum. Dochs sjocht de konkurrinsje mooglikheden. By de froulju is Hilianne van der Wal fan Noardburgum topfavoryt. Trije wike lyn ljepte se in nij Frysk rekôr (16.47) op deselde akkomodaasje.
Age Hulder, Sytse Bokma en Hans Ulco de Boer stride om de titel by de junioaren. Bobby Zwaagman wol syn earste Fryske titel by de jonges.