Ut en Thus wint yn Ychtenbrêge

08 aug 2013 - 16:00

De fyfde IFKS skûtsjesylwedstriid yn Ychtenbrêge is tongersdei wûn troch de Ut en Thús fan skipper Henk Regts. It skûtsje fan Nij Beets naam fan begjin ôf oan de lieding en seach de winst net mear yn gefaar kommen. It twadde plak wie foar Michiel Kalsbeek mei de Raerder Roek. Tredde waard Jeroen de Vos mei Eelkje II.

Sikke Heerschop hie in knappe start mei syn Wylde Wytse. De Rotterdammer wist gjin toptrijeklassearring te pakken, mar moast genoegen nimme mei it fjirde plak. De Singelier fan Wietse Bandstra foel út mei averij.

Yn Ychtenbrêge kamen de skûtsjes yn de folgjende folchoarder oer de einstreek:
1. Ut en Thús, 2. Raerder Roek, 3. Eelkje II, 4. Wylde Wytse, 5. It Doarp Eastermar, 6. Twa Gebroeders, 7. Striidber, 8. Jonge Jan, 9. Goede Verwachting, 10. Lytse Lies, 11. Frisia, 12. Jonge Rein, 13. Trije Gebroeders, 14. Zeldenrust, 15. Grytsje Obes.

Freed en sneon wurdt beide dagen yn Lemmer syld. Sneon is de finaledei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)