Mooglik trochstart Skooter

Skooter-winkel yn Ljouwert hâldt doarren ticht © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Kurator Verdonk fan de Fryske kleanwinkels Skooter is yn petear mei gadingmakkers dy't belangstelling hawwe om de saken oer te nimmen. It giet om in lanlike moadeketen en ek om moadeketens út Dútslân en België. Verdonk sil de kommende dagen ûndersykje hoe serieus oft de belangstelling is en hokker gadingmakker it meast geskikt is om Skooter oer te nimmen.
Skooter is in Frysk bedriuw mei 23 winkels yn Fryslân, Grinslân en Drinte. It waard tiisdei fallyt ferklearre troch de Ljouwerter rjochtbank. De 134 meiwurkers krije ûntslach.
De winkels fan Skooter bliuwe yn alle gefallen oant en mei nije wike tiisdei ticht.