Hoareka Snitswike mist omset

08 aug 2013 - 12:30

De hoareka yn Snits makket him soargen omdat hieltyd mear feestfierders yn de Snitswike drank út de supermerk helje. Drank út de winkel skeelt de hoareka omset. Mar it evenemint Snitswike wurdt mei betelle troch de hoareka. As der gjin jild ynkomt, kin de Snitswike yn de takomst net trochgean. It blik en glês fan de drank út de supermerk kin boppedat gefaarlik wêze. De hoareka skinkt alle drankjes yn plestik.

In oplossing soe wêze dat it ferbod op drinken op strjitte út glês of blik better kontrolearre wurdt.

Neffens boargemaster Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân is mear kontrôle net te dwaan. Op strjitte sels kochte drank drinke heart gewoan by de Snitswike, seit er.

Trefwurden: 
alkohol hoareka Snitswike
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)