Doeksen en eilannen prate wer

Rederij Doeksen en de gemeentes Flylân en Skylge sille ûnder lieding fan in ûnôfhinklike prosesbegelieder wer prate oer de nije wintertsjinst foar de fearboaten nei Flylân en Skylge. Om dat oerlis de romte te jaan hat Doeksen besletten om de nije tsjinstregeling net op 1 oktober, mar earst op 1 novimber yngean te litten.
Doeksen wol yn de nije wintertsjinst mei guon ôffearten ophâlde, omdat it bedriuw besunigje moat. De eilannen wiene al dwaande mei it tarieden fan in koart pleit tsjin Rederij Doeksen, mar sette dat no net troch.
It oerlis tusken Doeksen, de eilannen en it ryk wurdt net maklik, tinke de belutsen partijen. Benammen Flylân hat earder al wite litten dat it eilân noch minder feartsjinsten yn 'e winter net akseptabel fynt.
Rederij Doeksen seit besunigje te moatten, omdat oars de takomst fan it bedriuw yn gefaar komt. Doeksen is yn de reade sifers bedarre troch de konkurrinsjestriid mei rederij EVT. Boargemaster Schadd fan Flylân wurdearret it oanbod fan Doeksen om de nije tsjinstregeling in moanne letter yn te fieren. Oerlizze is altyd better as de gong nei de rjochter, sa seit frou Schadd.