Ynbrekkers Akkrum langer fêst

07 aug 2013 - 21:59

De twa Grinzers dy't ferline wike yn Akkrum oanhâlden binne as fertochte fan in ynbraak, bliuwe 90 dagen fêstsitten. Dat hat de Riedkeamer besletten. De mannen waarden nei in lange syktocht oanhâlden. Tsjûgen seagen de manlju mei bûslampen en moffen oan troch Akkrum rinnen. Se hiene in tas mei sulver stellen, dy't letter werom fûn is.

De manlju wurde fertocht fan njoggen ynbraken yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Derby binne ek auto's stellen. De auto dy't se yn Akkrum brûkten, wie earder yn Nes stellen.

Trefwurden: 
ynbrekker Akkrum syktocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)