Strân by Grou ticht

© Omrop Fryslân, Geale Groen
It strân oan de Blikpôle yn de haven by Grou is woansdei troch de gemeente Boarnsterhim ôfsletten. Ferskate bern dy't dêr dizze wike yn it wetter west ha, binne siik wurden. De gemeente lit it wetter derom ûndersykje. Oant de útslach fan it ûndersyk bekend is, bliuwt it strân ticht. Nei alle gedachten is de útslach freed bekend.
De Blikpôle is net in offisjeel swimplak, mar de gemeente hâldt de kwaliteit fan it wetter wol yn de gaten. It wetter is ferline wike freed foar it lêst kontrolearre. Doe wie der noch neat oan de hân.