Udo de Haan kampioen twaspan

Udo de Haan fan Beetstersweach is op it 60e konkoers hippyk fan Bûtenpost Nederlânsk kampioen twaspan wurden. Mei it dubbelspân Christiaan P.J. en Wopke fan de Demro Stables wie er oppermachtich. Foar De Haan wie it al de fjirde nasjonale titel dit seizoen. Earder wie er ek de bêste by it klaverke trije, de tandem en de ienspannen. Hendrik Eppinga wûn mei Ytsjen de titel by de fokmerjes Frysk ras. De grutte priis fan Bûtenpost by it springen gong nei José Woldring fan Garsthuizen. Se wie yn de barraazje krekt rapper as Hester Klompmaker.
Klompmaker wie ferline jier noch winner yn eigen doarp. It ferskil mei Woldring wie mar 0,07 sekonden. Folkert Kelderman fan Rinsumageast waard tredde.