Partoer Dronryp wint Freule

07 aug 2013 - 19:25

De finale fan de 111e Freulepartij yn Wommels is woansdei wûn troch it favorite partoer fan Dronryp mei 5-4 en 6-0. Yn de reinige finale wiene Sybren Blanksma, Sander Kingma en Wierd Baarda te sterk foar Stiens mei Gerrit Winkel, Kevin Jordi Hiemstra en Edser Rijpstra. It winnende partoer is letter op de jûn huldige yn kafee De Posthoorn yn Dronryp.

Der wiene tredde prizen foar de partoeren fan Frjentsjer en Sint Jabik.

Trefwurden: 
keatsen Freule
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)