Heerschop wint yn Sleat

07 aug 2013 - 17:59

Skûtsjeskipper Sikke Heerschop hat de IFKS skûtsjesylwedstriid yn Sleat woansdei op syn namme skreaun. Op de Sleattemermar wie Heerschop de bêste yn de grutte A-klasse. It is it tredde jier op rige dat Heerschop de winst yn Sleat pakt. It twadde plak wie foar Jelle Talsma, folge troch Geale Tadema.

Tony Brundel fan Gaastmar, koprinner yn it klassemint, ferspile in goede klassearing troch in falske start. Dêrtroch moast de Lytse Lies in ekstra rûntsje farre en kaam it skip as alfde oer de finish.

De skûtsjes Striidber (averij) en de Frisia (man oerboard) moasten út de wedstriid wei.

De oare deiklassearrings wiene: 4. Eelkje II, 5. Ut en Thús, 6. Jonge Rein 7. Twa Gebroeders, 8. Goede Ferwachting, 9. Singelier, 10. Lytse Lies, 11. Grytsje Obes, 12. Raerder Roek, 13. Trije Gebroeders, 14. Striidber, 15. Zeldenrust, 16. Frisia.

Trefwurden: 
IFKS skûtsjesilen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)