Mear libellen yn Fryslân

It giet goed mei de libellen yn Fryslân. Fan hast alle 55 soarten dy't yn de provinsje libje, nimt it tal ta. It is bysûnder dat der safolle soarten yn Fryslân binne. Lanlik binne der nammentlik santich soarten libellen. Dat betsjut dat hast eltse libel dy't yn Nederlân libbet, ek yn Fryslân oan te treffen is. Allinich in pear rivierlibellen binne hjir net te finen.