Saak grinsrjochter yn Ljouwert

It Gerjochtshôf yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It gerjochtshôf yn Ljouwert behannelet op 13 augustus it heger berop fan de strafsaken tsjin de fertochten fan it deaskoppen fan grinsrjochter Richard Nieuwenhuis. It giet om seis minderjierrigen en ien folwoeksene. It is in saneamde rezjysitting, wat betsjut dat de saak net fuortendaliks ynhâldlik behannele wurde sil.
Nieuwenhuis kaam ferline jier om it libben, doe't hy nei ôfrin fan in fuotbalwedstryd yn Almere troch in groep mishannele waard. De fertochten giene yn heger berop, nei't se earder feroardield waarden ta selstraffen.