Plysje siket tsjûgen klopjacht

By De Heide stiene ferskate ME-buskes © Omrop Fryslân, Dirk Hofstede
De plysje yn It Hearrenfean siket twa tsjûgen yn ferbân mei de klopjacht op de Roemenen, dy't sneontemoarn op in plysjeauto ynrieden. De plysje skeat op de auto mei de Roemenen. Dy naaiden út en stapten út by de fytstunnel oan De Zanden. Op dat stuit kamen twa manlju lâns op de fyts.
It giet om in âldere en in jongere man. De plysje hat koart mei se praat, mar de gegevens net opskreaun. Der binne twa fertochten oanhâlden, mar de plysje giet út fan in tredde fertochte. Dy is mooglik ferwûne, sjoen de bloadspoaren yn de auto.
De plysje hopet dat de tsjûgen mear sizze kinne oer it oantal mannen yn de auto. De manlju kinne har by de plysje melde. Yntusken is bekend wurden dat de twa Roemenen dy't oanholden binne, noch twa wiken langer fêstsitten bliuwe. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke.