Raitala net yn aksje by Finlân

07 aug 2013 - 13:58
Jukka Raitala - Foto: Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma

Hearrenfeanspiler Jukka Raitala docht foar syn heitelân Finlân net mei oan de freonskiplike oefenynterlân tsjin Slovenië. Dy wedstriid wurdt nije wike woansdei spile. Raitala is net fit genôch. De ferdigener is noch herstellende fan in tal blessueres. Dêrom hat er yn oerlis mei de medyske stêf fan Hearrenfean besletten net mei te spyljen yn de oefenynterlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)