Keninklike koetsen Bûtenpost

07 aug 2013 - 13:07

Yn Bûtenpost wurdt woansdei foar de 60e kear it konkoers hippyk hâlden. De hiele dei wurde ferskate wedstriden ferriden yn de disipline túchhynders. Under oare hackneys, túchhynders en Fryske hynders komme yn aksje. Springruters geane middeis de striid mei-inoar oan om de Grutte Priis fan Bûtenpost.

Om trije oere middeis wurdt it publyk traktearre op in presintaasje fan hynders en koetsen út de keninklike stallen. Dêrnei sette fjouwer kampioenskippen fan Nederlân útein.

Trefwurden: 
Bûtenpost konkoers hippyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)