Tafersjoch op Friese Wouden

07 aug 2013 - 11:06

Fjouwer fersoargingshûzen fan stichting De Friese Wouden stean sûnt dizze wike ûnder ferskerpe tafersjoch. Neffens de Ynspeksje foar de Folkssûnens is der in soad mis mei de hygiëne en it foarkommen fan ynfeksjes. By in besite yn maart oan de lokaasje Berchhiem yn Burgum die bliken dat ûnder oare de persoanlike hygiëne fan meiwurkers te winskjen oerliet. Ek wiene dûsmatten en rolstuollen net skjin.

Ek koe De Friese Wouden gjin skjinmakskema sjen litte. Ferline moanne kontrolearre de ynspeksje opnij, doe wie der amper wat ferbettere.

It ekstra tafersjoch jildt foar trije moannen. Neist Berchhiem jildt it ferskerpe tafersjoch foar 't Suyderhuys yn Surhusterfean, Brugchelencamp yn De Westereen en Haersmahiem yn Bûtenpost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)