Skooter-winkels ticht

07 aug 2013 - 10:14

De kleanwinkels fan Skooter binne ticht. Oarsaak is it fallisemint fan it kleankonsern. Dat fallisemint waard tiisdei útsprutsen. Oarsaak fan it fallisemint is de ekonomyske krisis en de minne maaitiid. Skooter hat dêrtroch in miljoeneferlies draaid.

It is noch net dúdlik of de winkels wer iepengeane. Kurator Robert Verdonk hat de rjochtbank frege om in saneamde ôfkuollingsperioade om de boedel te ynvintarisearjen. It is mooglik dat de winkels wol wer tydlik iepen gien om de kleanfoarried te ferkeapjen.

Skooter hat yn it noarden fan Nederlân 23 winkels, wêrfan acht yn Fryslân. It fallisemint betsjut dat foar de 134 meiwurkers ûntslach oanfrege wurdt. Der hawwe har - oant no ta - noch gjin oername-kandidaten foar Skooter meld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)