Foppe's Tûvalû nei Fryslân

07 aug 2013 - 08:35

De folsleine seleksje fan it Tûvalûaanske fuotbalteam komt nei Nederlân foar in trije moannen duorjende staazje. De toer begjint op 16 augustus yn Fryslân. De ploech fan 25 man ferbliuwt dan in wike op It Hearrenfean. Yn dy perioade wurdt ûnder oare in oefenwedstriid tsjin de fuotbalklup fan Nijskoat spile.

Ek yn de rest fan Nederlân stean oefenwedstriden op it programma. It fuotbalteam fan Tûvalû waard benammen bekend om't it yn 2011 in skoftlang ûnder lieding stie fan Foppe de Haan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)