Top minygolf nei Appelskea

07 aug 2013 - 07:32

Yn Appelskea wurdt fan 7 oant en mei 10 augustus it Europeesk Kampioenskip minygolf foar senioaren hâlden. Mei dielnimmers út tsien lannen is it ien fan de grutste eveneminten yn syn soart. De minygolfklup Appelskea is ferantwurdlik foar de organisaasje. Dy hat de golfbaan der spesjaal foar opknapt. Sa is der nij filt lein en is de boel ferve. De klup hat mear as in jier dwaande west mei de tariedings.

In fertsjintwurdiging gie ferline jier nei Antwerpen om dêr te sjen by it EK.

Trefwurden: 
EK Appelskea minygolf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)