Bitende hûnen yn beslach naam

De plysje hat moandei op It West yn Stynsgea mei-inoar fiif hûnen yn beslach naam. Twa dêrfan hiene twa hingbúkswyntsjes oanfallen. Ien fan de bargen wie der sa slim oan ta dat er ôfmakke wurde moast. De oare wie yn it ear biten.
De plysje hat de fiif hûnen nei oerlis mei justysje yn beslach naam. De twa bisten dy't de bargen biten hiene, moasten ferdôve wurde om se rêstich te krijen. De oare trije hûnen koene sa fongen wurde. Se binne nei in pensjon brocht.