Caravan troch de loft slingere

06 aug 2013 - 11:59

It needwaar fan moandeitejûn hat in soad skea oanrjochte op camping De Turfhoeke by De Gordyk. Tinten en caravans waaiden om. Ien fan de caravans waard 30 meter troch de loft slingere. De beide fakânsjegongers yn de caravan rekken ferwûne. Se binne nei it sikehûs yn Drachten brocht.

De hurde wyn tilde kano's út it wetter en slingere se hûnderten meters fuort. De gebouwen fan de camping rûnen in soad wetterskea op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)