Beam op camper: famke stoarn

06 aug 2013 - 08:53

Op minycamping Jonkman oan de Tjalling Harkeswei yn Lippenhuzen is moandeitejûn in 7-jierrich famke út Harns om it libben kaam. Troch de hurde wyn waaide in beam om en foel op de camper der't it famke sliepte. Dat barde yn ien fan de swiere tongerbuien dy't oer it súdeasten fan de provinsje lutsen. Tsientallen beammen waaiden tagelyk om.

Omwenners en gasten fan de minycamping binne oandien troch it ûngelok. De gasten komme faak al jierren nei de camping en kenne mekoar goed. It 7-jierrich famke wie útfanhûs by har pake en beppe.

Trefwurden: 
stoarm tonger
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)