Earste winst Jong Hearrenfean

© awfoto.nl
Jong Hearrenfean hat de earste wedstriid fan it nije seizoen mei 5-1 wûn fan Jong VVV/Helmond Sport. Op it keunstgers fan it Lavansstadion yn Helmond wie de earste helte net geweldich. Sven Kums sette de Feansters op foarsprong. Krekt foar it skoft foel de lykmakker.
Yn de twadde helte seach de nije trainer-coach Roelofsen wat fan de kampioensploech fan it ôfrûne seizoen werom. Rajiv van La Parra (2), Mark Uth en in eigen doelpunt fan Jong VVV/Helmond Sport soargen foar de 5-1 winst. Jong Hearrenfean sit yn pûl A mei tsien oare ploegen.
Yn pûl B spylje ek alve ploegen. De beide nûmers ien spylje yn in thús- en útwedstriid om it kampioenskip fan Nederlân.