Washington nije spiler Aris

05 aug 2013 - 17:15

De Ljouwerter basketbalploech Aris hat wer in nije spiler oanlutsen. It giet om de 26-jierrige Greg Washington. Hy komt oer fan it Deenske Svendborg dat krekt lykas Aris yn de finale fan it lânskampioensskip spile.

Washington is in 'center' fan 2.08 meter lang. Mei syn komst hat Aris de seleksje foar it nije seizoen foarinoar.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)