Loes Geurts nei Sweden

22 jan 2012 - 18:26

Telstar-keepster Loes Geurts út Hichtum spilet kommend seizoen foar it Sweedske Vittsjö GIK. Geurts keepte earder al yn Amearika en de Dútske Bundesliga. Yn 2006 makke se har debút yn it Nederlânsk frouljusalvetal.

Vittsjö GIK promovearre ôfrûne seizoen nei de heechste divyzje. Geurts spilet 24 febrewaris har lêste wedstriid foar Telstar en ferhuzet dan nei Sweden, dêr't de kompetysje yn april fan start giet.

Trefwurden: 
fuotbal Loes Geurts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)