LDODK wint fan Mid-Fryslân
Kuorbalhaadklasser LDODK bliuwt troch in 31-23 oerwinning op Mid-Fryslân yn it spoar fan koprinners OVVO en Vada. Yn in folle sporthal Koartsweagen wie de thúsploech fan Gerald Aukes de kontrolearjende partij. Foar it skoft pakte LDODK in 18-12 foarsprong, dy't yn de twadde helte net mear yn gefaar kaam.
Troch dizze winst sette de kuorballers út Terwispel en De Gordyk in belangrike stap rjochting de krúsfinales. André en Erwin Zwart (LDODK) makken beide acht, Marvin Smorenburg fan MF wie de tûkste mei tsien doelpunten.