Fryslân Beweecht en Wûnderlân

22 jan 2012 - 17:57

Friesland Beweegt! en Friesland Wonderland hawwe sneon in gearwurkingsoerienkomst tekene. Doel is om sa de ynwenners fan Fryslân noch better ynformaasje te jaan oer wat der yn de provinsje te rêden is en wat der oan rekreative foarsjenningen binne.

Friesland Wonderland joech al ynformaasje oan toeristyske websites oer natuer, lânskip, kultuerhistoarje en toeristysk-rekreative foarsjenningen.

Troch Friesland Beweegt! wurdt dat no oanfolle mei hûnderten kuierrûtes en in folslein oersjoch van alle aktiviteiten op it mêd fan kuierjen, fytsen en hurdrinnen yn Fryslân en de oare noardlike provinsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)