Ferlies kuorballers SCO

22 jan 2012 - 17:16

Degradaasjekandidaat SCO hat sneintemiddei mei 25-20 ferlern fan Groen Geel. De kuorballers út Aldeholtpea joegen yn in lykopgeande striid goed ferwar tsjin de thúsploech út Wormer. Dochs seagen de Friezen harren lytse foarsprong yn de twadde helte yn reek opgean. Benammen it tûke skot fan de froulju fan Groen Geel soarge foar de nekslach.

In soer ferlies foar de ploech fan trainer Robin van Dalen, dy't noch altyd yn de ûnderste regioanen stiet yn de haadklasse B.

Trefwurden: 
kuorbal SCO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)