Cambuur 1-1 tsjin Go Ahead

22 jan 2012 - 16:37

Sportklup Cambuur hat sneintemiddei 1-1 lyk spile tsjin Go Ahead Eagles. Yn de 57e minút wie it Sandor van der Heide dy't de Ljouwerters op in fertsjinne 1-0 foarsprong sette. Mar noch gjin trije minuten letter kamen de gasten út Deventer al wer op gelikense hichte. Cambuur hie yn de einfaze fan de wedstriid de bêste kânsen op de winnende treffer.

Goed keeperswurk fan âld-Cambuurkeeper Peter van der Vlag soarge derfoar dat beide ploegen de punten diele moasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)