Botsingen troch dronken frou

© Omrop Fryslân
In 39-jierrige ynwenster fan Harns is sneon oanholden omdat se dronken achter it stjoer siet. Se wie earst op de Heiligewei tsjin in auto riden en letter op de Rommelhaven tsjin in stek. Tsjûgen fan de oanridingen hiene de frou, dy't behoarlik ûnder ynfloed wie, út de auto helle en de plysje belle.
De fertochte is foar neier ûndersyk oerbrocht nei it plysjeburo dêr't in bloedproef fan har ôfnommen is. Se hat proses-ferbaal krigen.