Plysje bewusteleas yn Kollum

By in rûzje sneontenacht yn Kollum is in plysje sa hurd op de holle slein dat er bûten westen rekke. It opskuor begûn mei in bekeuring fanwege it drinken fan alkohol op strjitte. In groep dy't út in kafee kaam bemuoide him dermei en misledige in plysje. Dêrfoar waard in 53-jierrige man út Gerkeskleaster oanholden.
De oaren moasten har ôfjaan, mar diene dat net. In 41-jierrige man út Gerkeskleaster waard oanholden foar it misledigjen en bedrigen fan de plysje. By de rûzje dy't dêrop folge waard in plysje hurd op de holle slein.
Hy waard oerbrocht nei it sikehûs. Mei assistinsje fan mear plysjes waarden in 16-jierrige jonge út Twizel en in 17-jierrige út Gerkeskleaster oppakt. De groep waard út elkoar dreaun wêrnei't de rêst werom kaam. De 53-jierrige dy''t nei de plysje-auto brocht wie, wie yntusken ûntsnapt. Hy hat him letter dy nacht op it plysjeburo meld. Alle fertochten sitte fêst. De plysje stelt in ûndersyk yn en slút mear oanhâldings net út.