Epke hat foarmbehâld toand

© Dirk Klaver
Turner Epke Zonderland hat by it Olympysk Testevent yn Londen foldien oan de foarmbehâldeasken om mei te dwaan oan de Olympyske Spelen yn Londen dit jier. Dat hat de Keninklike Nederlânske Gymnastyk Uny (KNGU) sneon bekend makke. Epke helle op it tastel brêge by it testevent in skoare fan 15.016, dêr't 14.941 nedich wie foar it toanen fan foarmbehâld.
Dat betsjut net dat Epke al wis is fan de Olympyske Spelen. Oer op syn lêst fjouwer wiken sil de KNGU bekend meitsje hokker turner en turnster foardroegen wurde oan it NOC*NSF.