Yllegaal beammen roaid
De plysje hat sneon yn Boalsert it roaien fan beammen oan De Marne stillein. By de plysje wie in melding kaam dat inkele persoanen beammen oan it roaien wiene, nei alle gedachten sûnder fergunning. Plysjes troffen trije minsken oan dy't al in grut tal beammen omseage hiene. Dat barde yn opdracht fan in bedriuw.
Omdat de mannen gjin fergunning sjen litte koene, is it wurk stillein en sil de gemeente in neier ûndersyk ynstelle.