Rekôr tal Friezen telt fûgels

22 jan 2012 - 14:03

In rekôr tal Friezen hat snein meidien oan de nasjonale túnfûgeltelling. Dat waard snein dúdlik nei de útstjoering fan it radioprogramma Buro de Vries. Mear as tûzen minsken diene mei oan de telling. De mosk stiet nûmer ien yn de top-tsien fan túnfûgels yn Fryslân. De blokmies stiet op twa, en de swarte lyster op trije.

Ek al diene mear minsken mei, dochs binne minder fûgels as oars teld. Dat komt troch it mylde waar, dan binne de fûgels net ôfhinklik fan it fretten wat se by minsken yn de tún krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)