Stevich ferlies Aris yn Leiden

22 jan 2012 - 10:22

Lasaulec Aris koe it sneontejûn lang net oprêde yn en tsjin Leiden. De kampioen fan it ôfrûne seizoen wie yn de eigen hal yn de earste twa kwarten oppermachtich. Aris kaam net fierder as 28 punten, Leiden kaam út op 43. It tredde kwart wie mei lyts ferskil foar de Ljouwerter basketballers, mar yn de lêste tsien minuten gong Aris wer flink ûnderút. Lance Jeter wie mei 26 punten fierwei it produktyfst.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)