'Miljeustrjitte moat bliuwe'

ôffal © ANP XTRA
De Stichting Dorpsvernieuwing Koudum ropt riedsleden yn Súdwest-Fryslân op om de miljeustrjitte yn it doarp iepen te hâlden. De gemeente makke ferline wike bekend dat dy tichtgiet, omdat it der net feilich is foar klanten en meiwurkers. Opknappe soe te djoer wêze.
Neffens Dorpsvernieuwing Koudum is de miljeustrjitte in ûnmisbere foarsjenning en wolle minsken net in ein mei harren ôffal ride. De stichting seit fierder dat der net mei de ynwenners oerlein is en wol mei boargemaster en wethâlders prate oer in bettere oplossing.