Dost trefseker yn Doetinchem

21 jan 2012 - 23:52

SC Hearrenfean is de twadde seizoenshelte goed úteinsetten. Yn Doetinchem waard De Graafschap mei 2-0 ferslein. Bas Dost skoarde beide doelpunten. Hearrenfean kaam yn de 12e minút op foarsprong troch in benutte strafskop. De ploech fan trainer Ron Jans dominearre de wedstriid oant de 41ste minút. Doe krige ferdigener Daryl Janmaat de reade kaart fan skiedsrjochter Ed Janssen. De Graafschap waard sterker. De Superboeren krigen mooglikheden op de lykmakker, mar sawol Michael de Leeuw as Poepon misten. Yn de 78e minút makke Dost syn twadde.

Dat barde nei in perfekte útfal mei Narsingh as oanjouwer.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean sealfuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)