Ariëns winner Maraton Cup

21 jan 2012 - 23:50

Crispijn Ariëns wie ferline wike al wis fan de einoerwinning om de KPN Maraton cup. Yn de lêste wedstriid yn Grins waard er tredde. De winst wie foar Karlo Timmerman. Lang like it derop dat de BAM-Univé ploech wer taslaan soe. Yn de finale naam it treintsje mei Bob de Vries, Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga de lieding. Doe't Bob de Vries syn wurk dien hie, gongen Bergsma en Stroetinga fierder om it ôf te meitsjen. Yn it lêste rûntsje gongen beide ûnderút, neidat Jorrit Bergsma mei de punt fan de reed yn it iis kaam.

By de froulju wie opnij Foske Tamar van der Wal de rapste, Mariska Huisman waard twadde, mar wûn wol de Maraton Cup.

Trefwurden: 
maraton reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)