Plysje tefreden oer Snitswike

Nettsjinsteande njoggentjin oanhaldings en tachtich bekeurings is de plysje tefreden oer de earste trije dagen fan de Snitswike. Grutte ynsidinten wiene der neffens de plysje net. Wol wiene der tachtich bekeurings foar it drinken fan alkohol op strjitte en baldadigens. Wat ôffoel, wie it grutte tal minsken dat op strjitte pisse. De plysje joech 51 in bekeuring fan 130 euro. De njoggentjin oanhâldings wiene foar mislediging, mishanneling en fernielerij.
Ferline jier waarden yn de earste trije dagen fan de Snitswike 34 minsken oanhâlden.