Ynbrekker op kreakjende flier
In bewenner fan in hûs oan de Suderkade yn Frjentsjer hat yn de nacht fan snein op moandei in ynbrekker op 'e die trapearre. De man waard wekker fan it kreakjen fan 'e flier yn de wenkeamer. De bewenner makke in soad leven en doe naaide de ynbrekker út. Hy hie in laptop en in beurs meinaam.
Om deryn te kommen hie de ynbrekker in rút fernield.