Rûzje by kreak gebou Ljouwert

De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn in 44-jierrige Ljouwerter en in 23-jierrige man sûnder wenplak oanhâlden. De manlju hiene op it Ruterskertier spul krige mei de eigener fan in gebou dat se kreakje woene.
De manlju rieden yn in auto mei Dútsk kenteken. De kentekenplaten wiene stellen. De Ljouwerter hie boppedat noch foar 6400 euro oan boetes út te stean. De manlju sitte noch fêst. De auto is yn beslach naam.