Pieter Weening bliuwt by Orica

05 aug 2013 - 10:57

Pieter Weening is foar in pear dagen yn Fryslân. Op 'e Harkema kin er noch even neigenietsje fan de oerwinning yn de Ronde fan Poalen. Troch in izersterke tiidrit op de lêste dei waard Weening einwinner fan dizze etappewedstriid yn de wrâldtoer. Oer in wike begjint de 32-jierrige hurdfytser oan de Eneco Tour troch België en Nederlân. Begjin septimber stiet er oan de start yn de Ronde fan Alberta yn Kanada. Ynkoarten sil Pieter Weening syn kontrakt by syn Australyske ploech ORICA-GreenEdge mei twa jier ferlinge.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)