Strafeksersysje Van der Bos

04 aug 2013 - 17:28

De frije formaasjepartij yn Wytmarsum is snein wûn troch Gert-Anne van der Bos, Daniel Iseger en Taeke Triemstra. Yn de finale wie it trio mei 5-0 en 6-6 te sterk foar Jelte-Pieter Dijkstra, Herman Sprik en Sjoerd de Jong. Opfallend yn de wedstrydrige fan it partoer fan Van der Bos wie it feit dat it trijetal alle partijen wûn mei skjinne telegraaf. In unike prestaasje. It is al wer de 9e oerwinning dit seizoen.

De lytse preemje wie foar Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra. Lykas ferline jier waard Van der Bos kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)