Ten Rouwelaar net tefreden

04 aug 2013 - 16:30

Doelman Jelle ten Rouwelaar fan NAC Breda is net tefreden oer it spul fan syn ploech snein tsjin Cambuur. It 0-0 lykspul is neffens de keeper fan De Jouwer in terjochte resultaat. 'We hebben niets weggegeven, maar zelf te weinig gebracht', sa konkludearret er.

De beide kânsen dy't NAC krige hiene der yn moatten. Doe't dat net barde, joech syn ploech de wedstriid út hannen. 'Dat viel me wel wat tegen', sa sei de oanfierder fan de ploech út Breda nei ôfrin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)