Visser yn finale World Games

04 aug 2013 - 16:16

It Nederlânske kuorbalachttal mei de Friezinne Marjon Visser fan LDODK hat him pleatst foar de finale op de World Games yn it Kolombiaanske Cali. Yn de heale finale waard mei mar leafst 40-14 wûn fan Sinees Taipei. De oare finalist is België, dat yn de heale finale mei 29-9 te sterk wie foar Portugal.

De finale sil op sneintejûn om 21.30 oere Nederlânske tiid spile wurde.

Trefwurden: 
kuorbal World Games Cali
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)